Hinrich Johannes Rink
Hinrich Johannes Rink (Kopenhagen, 26 augustus 1819 – Kristiania, 15 desimber 1893) wie in Deensk geolooch en pionier op it mêd fan de glasiology. Hy wie de earste dy't in sekuere beskriuwing fan it lâniis fan Grienlân joech.
Rink gie foar it earst nei Grienlân yn 1848. Hy brocht 16 winters en 22 simmers troch yn it Noardpoalgebiet en waard in wichtich persoan foar de ûntwikkeling fan Grienlân. Hy waard in saakkundige oer Grienlân en bestjoerder dêre, tsjinne as Keninklik Ynspekteur fan Súd-Grienlân en waard dêrnei direkteur fan de Keninklike Grienlânske Hannelsôfdieling (Den Kongelige Grønlandske Handel). Mei de 'Rieden fan tafersjoch (Forstanderskaber) yntrodusearre Rink de earste stappen yn de rjochting fan in Grienlânsk selsbestjoer.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan syn geskriften oer Grienlân, dêr 't Rink in soad ûndersyk nei die, is it wichtichste, ôfsjoen fan ferskate essays yn Petermann's Geographische Mitteilungen:
- Grönland, geographisch und statistisch beschrieben (Kopenhagen 1852–1855, 2 bannen; ingelske útjefte by Brown, Londen 1877).
- Märchen und Sagen der Eskimos (Kopenhagen 1866; Ingelsk 1875).
- Eskimoiske Eventyr og Sagn (Kopenhagen, 1982).
- Tales and Traditions of the Eskimo. With a Sketch of Their Habits, Religion, Language and Other Peculiarities (William Blackwood and Sons, Edinburgh and London, 1875). - Digitalisearre
- Das Binnenland Grönlands und die Möglichkeit, dasselbe zu bereisen (Kopenhagen 1875).
- Grönländer und Dänen in Grönland (Kopenhagen 1888).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|